Dit is de earste kear dat wy omtinken jouwe oan in Eastermarder dy't eins net bestiet. Twa jier lang hat er syn folgers op Twitter yn de besnijing hâlden: @DorpsfeestDouwe. Justerjûn hat er witte litten dat nei twa Eastermarder doarpsfeesten it moai west hat en hat er syn lêste tweet ferstjoerd.

Guon lêzers sille tinke, wêr giet dit oer? Mar minsken dy't regelmjittich op Twitter sitte binne hiel bekend mei dit Eastermarder fenomeen.
De tweetberjochten fan dizze mysterieuze figuer wiene út en troch hilarysk: fan platte teksten oant geweldige fynsten, fan geef Frysk oant folslein nije Fryske wurden.
Net ien wit wa't dizze Douwe Atsma in werklikheid is. Om dat twa jier en 790 tweets fol te hâlden, petsje ôf foar dizze man. Of wie it in frou? Of wie it mear as ien man? Der is in protte op omspekulearre, mar wy sille it nea witte… Mar it oare jier sille wy DorpsfeestDouwe sûnder mis misse!

Hjirûnder de lêste berjochten, kompleet mei dramatysk ein: it leech reitsjen fan de batterij fan Douwe syn aaifoan. De tweets moatte fan ûnder nei boppe lêzen wurde.

dorpsfeestdouwe-tweets

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe