Ut de talleaze tweets die bliken dat Eastermar freedtejûn meilibbe mei Iris Kroes yn de striid om wa't 'the Voice of Holland' wurde soe. No't 'dy oare Kroes' Eastermar al op 'e kaart set hat, fynt Eastermar it prima dat dizze Kroes fan twa doarpen fierderop fan har hearre lit mei har gouden kieltsje. (Boppedat binne sy hiel fier fuort ek noch famylje.) En dêrmei hat Drachten no ek wat om grutsk op te wêzen. Miskien is it in idee en pas de slogan fan Drachten (Drachten wil je meemaken) oan nei 'Iris wil je meemaken'.

Wy hoopje fansels dat St. Easterbarren Iris al kontraktearre hat ear't se ferneamd waard, want hja sil no wol net mear te beteljen wêze.
Yn alle gefallen kin men sneontemiddei om 16.00 oere yn de Lawei yn Drachten terjochte om it feestje mei Iris mei te fieren. En wa't no oerwaget om harpspyljen te learen yn de Meldij moat der by wêze, want it skynt dat de oanmeldings binnen streame…

Iris, lokwinske út namme fan Eastermar!

Iris Kroes
Iris Kroes, boarne: www.pietereniris.nl

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe