Yn mar in pear dagen tiid is it ynterieur fan de grientewinkel fan Jannes Hamstra kompleet oer de kop helle. It resultaat mei der wêze! De winkel eaget rommer en oersichtliker. Alles hat no syn eigen hoeke: griente, bôle, oar itensguod én de toeriste-ynfopost. De nije yndieling docht neffens Jannes Hamstra fertuten: 'Al dy rekjes mei losse folderkes binne fuort en dat skeelt in protte. It eage frij rommelich. Fierder hoege minsken net mear te wachtsjen. Sy kinne, wannear't sy dat wolle, fuortendaliks begjinne mei it sammeljen fan de boadskippen en dêrtroch is de sfear geselliger wurden. Minsken hawwe wat te dwaan en kinne har eigen griente en fruit útsykje. Dat fine klanten noflik.'
Jannes Hamstra is grutsk op it resultaat, de winkel stiet der wer pikobello op.
-
- Informatie
- 02 december 2023
Mienskipshûs De Kjellingen
Het is weer gezellig druk in het Mienskipshûs met klaverjassen, het itensiede met Floor en de activi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 december 2023
Eastermar in het gouden ochtendgloren
Simon Bosma hie syn drone al in pear dagen startklear stean foar in moai snie-sfearbyld boppe Easter... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 23 augustus 2023
Oproep 'Super Steun'
Steun ons als kleine winkels in deze roerige tijden van verandering in wetgeving en steeds weer nieu... Fierder lêze »