Hast op de kop ôf trije jier lyn iepene 'Greideroas' syn doarren oan de E.M. Beimastrjitte 32. In smûk winkeltsje dêr't men terjochte koe foar kado's, tee, sieraden en snústerijen.
Nei twa jier kaam de blommewinkel fan de buorlju frij, 'it Maarteblomke', op nr. 30.
Jeltine Wilkens naam har kâns waar en nei in drege ferbouwing is Greideroas no fjouwer of wol fiif kear sa grut wurden en binne farske blommen en planten oan it assortimint tafoege.

Hjoed, op de earste dei dat de winkel iepen is, wie it drok mei nijsgjirrige Eastermarders. By de measten foel fuortendaliks de mûle iepen: sa moai!
Wat langer men omsjocht, wat mear hoekjes en kastkes mei de meast aardige en gekke dingen men ûntdekt.
"It wie fan fan 'e moarn ôf al smoardrok, ik bin net iens oan kofje takaam", fertelt in tefreden Jeltine Wilkens. "It liket wol of hiel Eastermar hjoed in blomke op tafel hawwe wol!" Hja is tige bliid mei it úteinlike resultaat fan de ferbouwing, dy 't op de flier nei hielendal troch Jeltine sels, de húshâlding en freonen útfierd is.

De 'Greideroas' is wer in foarbyld fan de algemiene teneur fan de lêste tiid yn it doarp: it nivo fan de winkels wurdt hieltyd heger. It binne lang gjin doarpswinkeltsjes mear mar moderne, sfearfolle saken, dy't by wize fan sprekken ek yn Snits of wêr dan ek prima passe soenen. Eastermar kin mar wer nij grutsk wêze op dizze foarsjenning.

-
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 mei 2022
Preamsilen op de Mar
Klik hjir foar de flyer Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan fers... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 april 2022
Foto kruidenierswinkel, E.M. Beimastrjitte 70 uit 1930
Ik heb een foto van mijn pake en beppe Gerhardus de Haan en Froukje Hooijenga voor hun kruidenierswi... Fierder lêze »