Boargemaster Gebben iepenet fernijde doarpssuper
Krekt nei njoggenen seagen guon belangstellenden al op it horloazje. De iepening soe ommers om stipt 09.00 oere plakfine. Boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel stie al klear. Mar wêr is ús winkelman Sjouke Wijnsma?
Mar dêr kaam de famylje Wijnsma én in tal winkelfrijwilligers, mei trije dagen renovaasjestress yn’t liif, dochs fia de achteryngong om ‘e hoeke fan de winkel foar 't ljocht en koe de iepening úteinsette.
Boargemaster Gebben joech in tal grutte kompliminten oer de gong fan saken. “Ik bin wol grut fan stal mar ik hâld fan lytsskalich”, referearjend oan de kwalik 200 fjouwerkante meter winkelrûmte. “It is in wûnder wat jimme hjir yn dit doarp en mei dizze winkel allegear foarinoar krije.” En eltsenien profitearret derfan”, doelend op it publyk dat op de iepening ôfkaam wie.
De kaai fan de foardoar - de doar dy’t der twa dagen lyn noch mei doarpost en al folslein útlei want oars koe de nije koeling der net yn - waard oerlange oan de boargemaster troch Mirte (dochter fan Tsjitske Wijnsma) en mei har beiden koe de doar foar ‘t earst wer fan ‘t slot. “Jimme binne fan herte wolkom”, rôp Sjouke Wijnsma en it publyk streamde deryn om de fernijde winkel te oanskôgjen. “No prachtich, och sa moai”, waard der sein. De earsten fleagen fuort op ‘e skerpe oanbiedings ôf wylst de Eastermarder Broekophâlders der wylst ek yn muzikaal opsicht in feestje fan makken.
Nei trije dagen renovearje, fernije en opfleurje kloppet it hert fan Eastermar wer.
Sjoch ek it artikel yn de Leeuwarder Courant.
Mirte stiet ree mei de kaai foar de winkeldoar.
-
- Informatie
- 15 juni 2025
Eastermar is...
...loftballontsjewaar De Ph-JEH kaam feilich del tichtby de pleats fan Jurjen de Jong oan de Heidbue... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 juni 2025
Roxanne opent de deur van Meerzigt
Vanaf zondag 15 juni gaat Meerzigt weer open. Roxanne Wolters, afkomstig uit het Groningse Onderdend... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 juni 2025
Doarpsfeestbylden 20 jier lyn
Mei it doarpsfeest fan 2025 op komst alfêst bylden út 2005 om yn de stimming te kommen. Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 25 juni 2024
Dorpswinkel
Beste dorpsbewoners, Onlangs verscheen er een artikel in de dorpskrant betreffende sluiting van de su... Fierder lêze »