Jierren lyn hoegden jo foar al jo boadskippen Eastermar net út. Jo koene oan it begjin fan de E.M. Beimastrjitte úteinsette mei winkeljen en wannear ‘t jo, oeren letter, oan de ein fan de strjitte oankaam wiene, hiene jo alles keapje kinnen foar yn - en om it hûs en foar yn - en om ‘t liif.
Mar tiden hawwe tiden.
Der hat ek in skoft west, dat der net folle te belibjen wie op ‘e Beima. De grienteboer, de blommefrou, de bakkerij, de kleanwinkel fan Tjoelker, allegear ophâlden.
Mar tiden hawwe tiden.
Want der komme ek nije inisjativen. Yn 2010 waard it Quiltershûske iepene; it winkeltsje foar quiltleafhawwers bestiet al wer mear as tsjien jier! En Alles ûnder ien Dak is sa njonkelytsen binnen en bûten Eastermar in fenomeen wurden. Sels bern meitsje reklame en boartsje ‘Sjouke en Sjippie’.
De Zandloper is, neist de hoareka, ek hieltyd mear in sneupwinkeltsje wurden. De Tút fan Eastermar, de ferneamde doarpslikeur, is der yn meardere smaken te keap.
En hjoed-de-dei is’t wer in aardichheid om troch de Beima te kuierjen en hjir en dêr wat sneupen. Mei de komst fan twa nije winkels yn 2021, Landelijk en Stoer en Kreas en Kado, is de haadstrjitte fan Eastermar wer in wiere winkelstrjitte wurden. It komt wer âlderwetsk goed mei de Beima.
Yn alle winkels kin sûnt dizze wike wer sûnder ôfspraak, tidens iepeningsoeren, sneupt wurde.
Leaver online sneupe?
landelijkenstoer.frl, kreasenkado.nl, boodschappengemak.nl, quiltershuske.nl, dezandloper.nl, blomensfear.nl, otteboersma.uw-slager.nl en net te ferjitten de wettersportwinkel fan de Lits en de agraryske winkel fan Ellens.
Beimastrjitte-winkelstrjitte








-
- Informatie
- 01 februari 2023
Schade vanwege bodemdaling door gaswinning?
In Tytsjerksteradiel zijn in de regio van Eastermar zorgen dat bodemdaling door gaswinning zorgt voo... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze »