De lûden yn it doarp gean de lêste wiken nergens oars mear oer as it sluten fan dé winkel. En mei dé winkel wurdt fansels de supermerk fan Sjouke en Sippie bedoeld, yn wêzen it sosjale hert fan it doarp.
It wie it doel om op 1 septimber de winkel te sluten omdat Sjouke om ferskate redenen ophâlde wol. Mar dat liket no dochs oars te kommen en wurdt it nei alle gedachten 1 maart 2025. Dat is goed nijs omdat der dan mear tiid is om in oplossing te finen om de winkel trochsette te kinnen yn in oare foarm en op in oare lokaasje yn it doarp. In wurkgroepke fan fan belutsen doarpsbewenners is der mei dwaande om de mooglike opsjes út te sykjen.
Tjitske Wijnsma, de dochter fan Sjouke en Sippie, is fol goeie moed. It giet ek oer har takomst as eventuele bedriuwslieder yn in soarte fan doarpskoöperaasje.
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 juni 2025
In kilometer nije flachjes op 'e Beima
...in tûzen meter lang ferhaal De âlde plestik flachjes wiene fersliten. Der moast wat oars komme. Imm... Fierder lêze »