De grutte seal fan Hotel Meerzigt siet wer grôtfol harkers foar in nij evenemint yn Theater Meerzigt. Dit kear wie it slagge en helje de ferneamde skilder, dichter en benammen sjonger Gerrit Breteler nei Eastermar. Gerrit hie fuortendaliks mar twa freonen meinommen: Gezina van der Zwaag en pianist Gerrit Hager. Gezina song ek de Fryske ferzje fan 'Gabriëlla's Song'.

De lieten fan Breteler besjonge it Fryske lân en de hjoeddeistige oanfal dêrop. Mar ek it sykjen fan de muze, de net te krijen leafde. Prachtich oersette gedichten fan Gerard Reve en Yeats ferwurden de bân tusken minske en (berte)grûn. En fansels waard ek syn ferneamste liet songen: 'Op een dag drink je geen Grolsch meer', oer it ferstjerren fan syn (Tukkerse) heit. Ek troch de tige noflike neisit (de opfiering moast fansels noch wol eefkes besprutsen wurde) in ûnferjitlike jûn.

gerritbreteler

gezina

vollezaal-meerzigt

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe