De iisbaanferiening hie noch mar kwalik it wetter fuortrinne litte of de earste wettersportpassant melde him dizze wike al by de havenmaster. Yn sân hasten moast de stroom der op en de kachel yn de dûs oan. Hjirmei is it earste rekord fan 2008 foar Eastermar al festige want noch nea lei der sa betiid in boatsjepassant yn de haven. De man hie in stoarmich Burgumer Mar meimakke mei it wetter yn de gangboarden en wie bliid mei dat er in Eastermar oanlizze koe.

De iisbaanferiening hie fansels leaver hân dat it grutte ljocht boppe de iisbaan no ris oan koe mar yn plak dêrfan baarnden dizze wike de lampkes om de haven hinne, ta eare fan dy earste en betid e passant.

Image
De iisbaanferiening hat de moed opjûn, it wetter koe wer fan de baan ôf

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe