Sûnt 16 febrewaris 2008 is Theater Meerzigt in feit en fuortendaliks al in grut sukses; de kaarten foar it konsert fan Tsjêbbe Hettinga en syn band 'Breed Freed' wienen folslein útferkocht. Yn de foarseal fan it hotel koe gjin stoel mear by. In bettere start fan dit inisjatyf koe eins net.

It konsert wie in unike miks fan gedichten, jazz en blues. De Frysktalige gedichten waarden út de holle foardroegen troch Tsjêbbe Hettinga en koenen 15, 16 strofen lang duorje. De wize wêrop Hettinga dit docht is bysûnder. Sels de minsken dy 't de Fryske taal net machtich wienen, koene dizze performance och sa wurdearje.
En it gedicht wie noch net út of de band 'Breed Freed' sette wer yn mei in nûmer fan Duke Ellington, Thelonious Monk, Nat Adderley, Sonny Rollins, Stevie Ray Vaughan, Jerry Lee Lewis of Ry Cooder.
Nei it offisjele gedielte kaam der noch in tajefte fan de band dy 't hast langer duorre dan it konsert sels. Hichtepunt wienen de twa drumsolo's fan slachwurker op leeftyd Wiepke fan der Mei. It publyk gie út de skroeven en jawis, der waard wer dûnse yn Eastermar.

Theater Meerzigt is in net-kommersjele aktiviteit fan Hotel Meerzigt. Yn de mande mei in trije Eastermarders, dy 't harren û.o. mei de programmearring en promoasje dwaande hâlde, is it doel om alle moannen in kulturele aktiviteit foar 't teaterljocht te bringen. It programma is te finen op de side fan Hotel Meerzigt. Foar maart stiet in jûn mei Gurbe Douwstra, Gerbrich van Dekken en gasten op it programma. Yn april sil 'Marianta' har programma 'Jaarringen' spylje.

Image
Tjsêbbe Hettinga op dreef yn Theater Meerzigt

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe