Nettsjinsteande it feit dat der hurd wurke wurdt oan de nije haven en de iisbaan, hat Stifting Parel beslute moatten om de iepening fan dit projekt út te stellen.
Spitigernôch sille in tal foarsjennings net op tiid klear wêze.
It programma foar 7 july, sa as beskreaun yn de BREEDút, giet dus net
troch.
De iepening sil op in letter tiidstip, yn it foarjier fan 2007, hâlden wurde.
Tsjin dy tiid is it terrein kreas begroeid en kin it folslein brûkt wurde foar in moai feest.

It klompkesilen giet lykwols wol troch!

Wy kinne fansels ús jongerein net teloarstelle wat it jierlikse klompkesylbarren oanbelanget. Dit giet, út namme fan de wettersportferiening, gewoan troch!

Alle bern, heiten en memmen, pakes en beppes binne tige wolkom op freed 7 july om 19.00 oer by it swimmersplak! Der sil, lyk as alle jierren, sylt wurde yn twa klassen; de klompklasse en de frije klasse.

Muzyk
Nei it klompkesilen, fan 20.00 oere ôf, is eltsenien wolkom op it Breed foar in live-optreden fan trûbadoer Jaap Louwes! (www.jaaplouwes.nl)

komerk-netklear.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe