Dizze dagen is it ien en al drokte yn jachthaven 'de Lits'. Likernôch 50 sylboaten fan it type 16m2, better bekend ûnder de namme BM-er (eins de foarganger fan de 16m2), sile yn twa klassen wedstriden op de Burgumermar. It wedstiidkomitee en de protestkommisje hâlde sitting yn it skoftlokaal fan Lúdzen Antonides.
De silers komme ien kear yn de fiif jier ús kant út. Dizze kear is it allegear krekt even spesjaler omdat de sylklasse 75 jier bestjit. En dan is der mar ien lokaasje geskikt; de BurgumerMar.
Foar de gelegenheid wurdt der ien dizzer dagen in jubileumboek útrikt.
Behalve reguliere wedstriden binne der ek wedstriden foar âld-kampioenen en foar leden dy 't mear as 25 jier lid binne. Op sneintemoarn wurde de lêste wedstriden sylt.
Yn it doarp sels is net folle te merken fan alle festiviteiten, hoewol 't de hoareka it aardich drok hawwe sil mei hongerige magen. Mar foar wa op details let, sjocht dat de etalaazje fan Sippie Wijnsma der hielendal op ta rêden is.

16m2-.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe