Op 10 oktober organisearje wy in garaazjeferkeap. Men kin him oant en mei 1 oktober opjaan by Tjitske Zeilstra en by Annet Westerhof Wy soargje foar in plattegrûn mei alle adressen, ûnderweis is der hjir en dêr kofje of oar lekkers te krijen/keapjen. Coronaproof fansels, net mear as 6 minsken op it hiem, en elk adres soarget foar eigen hânalkohol.

It soe ús moai talykje as der hjir en dêr ek wat muzyk te belústerjen is. Derom in fraach oan Eastermarder talint of muzikanten om in setsje te spyljen yn eigen tún /hiem. Dêrnei mei de pet rûn of in fisknetsje y.f.m. de oardel meter; smyt it ek noch wat op. Jou jim op, wy nimme jim adres en tiidstip fan spyljen mei yn de plattegrûn. De organisaasje op dat mêd is wol hielendal foar jimsels. It is koart dei mar wy tinke dat as it ergens kin dan is dat yn Eastermar wis mooglik!

Alexandra, Tjitske, Tjitske, Annet, Fokje, Ciska en Hetty

gar verkoop

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen