Yn oktober sil it pas te sjen/hearren wêze mar Tryater is kommende wike op 'e siik nei it gelok fan Eastermar. Hoe dogge sy dat?

By Hotel Meerzigt stiet in grutte geloksbrievebus. Dêrby lizze kaartsjes dy’t jo yn in pear minuten ynfolje en yn de bus deponearje kinne.
Wolle jo dit leaver online dwaan, dat kin ek! Besykje dêrfoar dizze webside:
https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLSfmWlBdrX_2MDaPLBFGhjU4AUbQdrUYyArRdGaMFJaCt07Uxg/viewform

It gelok fan Fryslân
Tryater nûget dy út om antwurd te jaan op de fraach wêr’tsto lokkich fan wurdst. Fan alle antwurden meitsje we it grutste geloksgedicht oait! Fan ein augustus oant ein oktober strike we alle wiken del yn in oar doarp. Oan ‘e hân fan dit geloksgedicht meitsje we in teatrale audiokuier. Foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fier dêrbûten.  Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. As in karavaan fan gelok lûkt Tryater dizze hjerst fan plak nei plak en elkenien krijt in ferrassende poëtyske ûnderfining op lokaasje. It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater, fan teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans: se ûndersykje hoe’t it kin dat Fryslân de gelokkichste provinsje fan Nederlân is. Elk jier dûke we op yn in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol. Dit earste diel foarmet de ôftraap fan it fjouwerjierrige projekt en is tagelyk it earste projekt ûnder artistyk lieder Tatiana Pratley.

Konsept Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans | Tekst de mienskip, Sytse Jansma (gedicht) | Regy Brecht Wassenaar, Janneke de Haan, Raymond Muller, Trieneke Verbeek, Willy van Assen, Eline de Vries, Ekko de Bakker, Tamara Schoppert, Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom | Muzyk Peter Sijbenga

Foar mear ynformaasje en kaarten kinne jim sjen op: https://tryater.frl/show/it-gelok-fan-fryslan/  

gelok fan fryslan

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen