Dag berntsjes fan Eastermar,


Ik bin al drok dwaande om de boat yn te pakken. As jimme dit lêze, bin ik al underweis nei Eastermar! Ik ha der tige sin oan om jimme allegear wer te sjen!

sint1

Ik soe it hiel moai fine om fan jimme allegear wer wat te hearren as te sjen!
By “De Twirre ” en by “de Hummelhof” stiet myn brievebus, dêr’t jimme in tekening nei my opstjoere kinne. Fansels mei ek jim ferlanglistje deryn, as in brief (as jim my wat fertelle wolle). Ik hoopje op in protte post !

Saterdei 23 novimber kom ik mei myn pieten mei de boat nei Eastermar.
Wy sille om 15.00 oere oankomme by de Lits.

Mei de bern oant en mei groep 4 fan de basisskoalle gean ik dan nei de sporthal ta wêr’t wy in gesellige middei ha sille.

De bern fan groep 5 oant en mei groep 8 binne fan 15.30 oere ôf wolkom by de Kjellingen. Dêr ha wy in film foar groep 5/6 en in film foar groep 7/8.

Oant sjen op 23 novimber !

Groetnis, Sinteklaas

sint2.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen