Likernôch 1000(!) minsken hawwe ôfrûne sneon dielnommen oan de lededei dy't organissearre waard troch de Rabobank Bergum-Oostermeer. It wie yn de buorren en de omkriten fan it doarp in drokte fan belang. Mar leafst 80 bern hawwe har yn de maneezje fan 'Rij- en Mencentrum Heechsân' tige fermakke mei pony's en hynstespul.

Biologyske buorkerij 'Yn 'e Lânsdouwe' hie sa'n 500/600 besikers. "Se stienen yn de rige om it biologysk fleis te priuwen", fertelt Ella Benedictus fan 'Yn 'e Lânsdouwe'. Tagelyk mei de Rabodei wie it foar de famylje Benedictus ek nochris iepen dei yn it ramt fan de iepening fan de earste Fryske biologyske buorkerijwinkel. Deputearre Anita Andriesen krige de eare en iepene de winkel tegearre mei direkteur Hendrik Oosterveld fan it LNV-ministearje.

Image

Fierder koenen de roazekwekerij by Droegeham, pleatsen mei ferskillende wizen fan buorkjen en de histoaryske ikkers besichtige wurde. Spesjaal foar dizze dei wie de âldtoer te beklimmen en joech Haye Feestra útlis oer archeologyske fynsten. Der koe in doarpskuier makke wurde ûnder lieding fan ús nije doarpsgidsen lâns karakteristike pannen. Alle aktiviteiten wienen mei fyts, huifkar of bus te berikken.

Sintraal punt wie de feesttinte op de Komerk dêr't de dielnimmers moarns ûntfongen waarden mei kofje en gebak, de oanbeane lunch opiten wurde koe en de ôfsluting fan de dei plakfûn: in optreden fan Gurbe Douwstra. In slach om 'e Komerk wie in aardichheid mei oldtimers, âlde trekkers, antike fytsen en tradisjonele ambachten.

De organisaasje, de leden fan de Rabobank en de pleatslike frijwilligers kinne weromsjen op in prachtige dei. It waar wie op in inkeld buike prima. In protte besikers hienen yn 't foar net yn de gaten dat Eastermar sa'n protte te bieden hat. "Ik wist net dat it hjir sa grut en sa moai wie," wie faak te hearren.
Al mei al in prachtich stikje promoasje foar ús doarp.

Mear oer de iepen dei en iepening fan de earste biologyske winkel 'Yn 'e Lânsdouwe'

Mear oer de Rabo-dei.

Image

Image

Image

Image

Image

Image

Foto's: Ella Benedictus

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe