...want hjoed sil it dan einlings heve: de iepening fan de Komerk. De ôfrûne dagen is der hurd wurke om alles op 'e tiid foarinoar te krijen: pealtsjes, beamkes en bankjes binne pleatst. De feesttinte stiet klear, de flachjes op 'e boaten wapperje yn 'e wyn, it gebouke is fan binnen en fan bûten oppoetst. En it waar... liket fan 'e middei net sa raar.

Wa 't neat misse wol fan de iepening, it korps fan Joost Wiersma, de bakdekkers en slepers (mei demonstraasjes en rûnfearten), it springkessen en klown Kokkie, 80 klompkes en in muzikale jûn fol mei Eastermarder talint, is fan fjouwer oere ôf tige wolkom.

Image
de Komerk is klear (foto Harm Hoekstra)

Fansels kin men in fotoferslach ferwachtsje op dizze side. Moarn, nei it 'moarnsmielbarren' en in protte kofje hopet de redaksje dêrmei úteinsette te kinnen.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe