Sûnt juster leit de 'Veteraan', in bakdekker út 1928 yn de passantehaven fan Eastermar. It skip leit hjir op útnoeging, fanwege de iepening kommende freed fan de Komerk. De bakdekker 'Veteraan' is lid fan de feriening 'Oude Glorie'. Yn it skip leit in bysûndere motor. De grutte 42 pk dieselmotor leit nammentlik op syn kant. Dit is dien om de flier yn de kajút hielendal flak hâlde te kinnen.

Image
de 'Veteraan' fan de famylje van Sinderen

De bedoeling is dat der yn de rin fan de wike en fral op freed noch in tal klassikers yn de haven komt te lizzen. Behalve bakdekkers sil ek in tal klassike slepers en opdrukkers nei de Komerk komme. Nijsgjirrich skip is de 'Feint' fan skipper Beetsma út Weidum. Yn dizze sleper leit in iensilinder 'Industrie'. Op freedtemiddei, nei de iepening, sil der in demonstraasje wêze fan de 'handstart' fan dizze bysûndere motor. Dêrnei kin it publyk eefkes mei de 'Feint' it wetter op.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe