Op saterdei  31 jannewaris 2015 hâlde wy foar de twadde kear in fakkelrintocht, mei nei ôfrin in noflike neisit yn 'de Parel'. Ferline jier wie in grut sukses, mei hast 50 dielnimmers.

It is wer de  bedoeling om, as it tsjuster wurden is, in kuiertocht te meitsjen fan sa'n 5 kilometer. Yn net al te grutte groepen dy't in fakkel meikrije om de wei fine te kinnen op de net ferljochte sânpaden. Underweis krije jimme wat waarms te drinken.
Oan 'e ein komme wy byelkoar by Eddy fan 'de Parel'. Net allinnich foar in slokje, mar ek om meielkoar in hapke te iten. De winterkost fan ferline jier is tige goed befallen en dat dogge wy dus wer.
De kosten bliuwe beskieden: € 10,- pp, ynklusyf it iten. Drankjes binne foar eigen rekken, dat snappe jimme. Opjaan kin by ien fan ús of per mail ().

Wês der rap by om't wy mei 60 persoanen oan ús max sitte.

It fakkelrintochtbarrenkomitee:  Albertha, Fokje en Oebele

fakkelrintocht

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe