Ferline wike freed waard dúdlik dat ús skûtsje ‘it doarp Eastermar’ dielnimt oan de Fryske Olympiade. Dit sportbarren dat de tradisjoneel Fryske sporten keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen ferieniget, fynt saterdei 15 juny plak by en op it Djippe Gat – ek wol bekend as de Wide Ie – oan ‘e westkant fan Burgum.

Yn de freedsútstjoering op 31 maaie fan ‘Hjoed’ op Omrop Fryslân kaam skipper Geale Tadema oan ’t wurd en sei dat er sin hie oan de wedstriid mei sân oare skûtsjes. Dat binne de SKS-skûtsjes Grou, Earnewâld, Drachten en D’ Halve Maen (ek Drachten).
Fanút de IFKS dogge Lytse Earnewâldster, Jonge Rein, Raerder Roek en dus it Eastermarder skûtsje mei.

It is fansels prachtich dat ús doarp op dizze wize de oandacht op him festiget.
It soe fansels hielendal super wêze as der in soad supporters de bemanning stipet by it beheljen fan in goed resultaat yn dizze earste Fryske Olympiade.

Yn in earder artikel op ús doarpsside kinne jim der mear oer lêze.

Fryske olympiade

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe