Nocht oan skûtsjesilen?

It simmerskoft mei al syn wettersportaktiviteiten rint op syn ein. As wy weromsjogge op dizze perioade en ús rjochtsje op it skûtsjesilen, dan is de konklúzje dat wy in moai seizoen achter de rêch ha. Wat ús Eastermarder skûtsje oangiet in prima seizoen sels! Mar wy moatte net allinnich achteromsjen mar ek nei de takomst.

Dêrom besykje wy middels dit stikje op 'e Eastermarder hiemside Eastermarders te berikken, dy't nocht ha om sels aktyf oan it skûtsjesilen mei te dwaan. Wy wolle graach in groep(ke) skûtsjesylleafhawwers foarmje dêr't op termyn potinsjele bemanningsleden út selekteard wurde kinne. Silers dy't mooglik yn 'e takomst foar ús doarp útkomme wolle as bemanningslid fan 'it doarp Eastermar'. Dêrby moat wol daliks sein wurde dat in plak as bemanningslid net garandearre is.

It is ek net perfoarst noadich om in soad oer de sylsport en oer skûtsjes te witten. Soks kin groeie yn 'e rin fan 'e tiid. As it entûsjasme der mar is...

Dyselden dy't har troch boppesteande tekst oansprutsen fiele, noegje wy út om in yntroduksjejûn (in freedtejûn) by te wenjen. Op dy jûn kin dan neier yn 'e kunde kaam wurde mei de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES), skipper Geale Tadema en bemanningsleden fan no, it fenomeen skûtsje en de aktiviteiten dy 't mei it gehiel anneks binne. Fansels sil der ek syld wurde, mar dat kin net op dyselde jûn. Dat wurdt dien op de saterdei dêrnei.

Belangstellenden, adspirant-bemanningsleden dus, kinne har opjaan by Geale Tadema op syn e-mailadres of by Wijbe Postma, e-mail .

Wannear en wêr fynt dy yntroduksjejûn plak?

Dat is 5 oktober 2012 om 19.30 oere yn Hotel Meerzigt, it silen sil dan wêze op de dêrop folgjende saterdeitemoarns: 6 oktober (by min waar is der in reservedatum: 13 okt.).

Wijbe Postma

foarsitter SIES

 

1217401484

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe