Al mear as tsien jier efterinoar giet in grutte ploech Eastermarders in dei it wetter op. Fanút polyester Valkjes , noflik silende boaten wer in man of 4 - 5 yn passe , wurde de omkriten fan Heech, Sleat en oare moaie doarpen yn de Fryske SúdWesthoeke fânôf it wetter besjoen. En tusken de middei in tige noflike sit op in terraske oan it wetter.

Foar sa'n €17,50 ,- bist dan ien hiele dei moai op it wetter. Meastentiids ride wy moarns om in oere of acht mei auto's fanôf it Breed nei Heech wêr't wy oan board stappe.

Tink net dat it in fêste ploech is dy't alle jieren út deselfde minsken bestiet. Nee, eltsenien fan 14 jier kin meidwaan. Ek asto net sile kinst: der binne altiid genôch skippers dy't it de boat op koers hâlde. Der hawwe har al sa'n 30 minsken opjûn , mar der kinne noch in pear by. Opjaan kin oant 28-8 by Wopke Wobbes of Oebele Brouwer.

29 mei 2009 168

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe