Kommende tongersdeitemoarn (9 augustus) strúnt Omrop Fryslân-radioman Remco de Vries betiid troch Eastermar. Syn fraachpetearkes mei ynwenners fan ús doarp binne te hearren yn Omrop Fryslân Aktueel, fan 6.30 oant 9.00 oere. Ien fan de programmaûnderdielen dit simmerskoft hat de namme 'Oan heger wâl'.

Doel is om fan it plak dêr't de middeis skûtsjesyld wurdt, wat mear te witten te kommen. Mar om’t de Lemmer, dêr’t tongersdei syld wurdt, alris oan bar west hat en Eastermar sûnder mis ek wat mei skûtsjesilen hat, is ús doarp foar de útstjoering fan tongersdei útkeazen.

It skûtsjesilen sil grif oan 'e oarder komme, mar ek oare nijsgirrige fasetten fan ús doarp sille omtinken krije.

Dat wurdt dus tongersdei betiid fan 't bêd en yn 'e piama foar de radio. Of lekker lizzen bliuwe en de wekkerradio sette…

omropf

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe