Stichting Iepenloftspul Burgum spilet:

"Peer Gynt" fan de Noarske skriuwer Henrik Ibsen (1828-1906)

Oer in aventurier dy't libbet tusken fantasij en wurklikheid.

Peer Gynt is it ferhaal fan de doarpsjonge, dy't bekend stiet as in fantast, dy't graach lige mei. Hy libbet leaver yn in fantasijwrâld as dat er de ferantwurdlikheid foar it libben oan gean wol. Op de brulloft fan syn freon Mads Moen wiist de moaie Solveigh him ôf as er freget oft sy mei him dûnsje wol. Ut frustraasje en stomdronken skaakt er de jonge breid Ingrid en giet mei har de bosken yn. Peer ferlit har algau wer, omdat hy Solveigh net ferjitte kin. Hy giet nei fiere lannen op 'e siik nei rykdom en macht. Jierren letter komt er - âld wurden - wer werom en fynt einliks wêr't er al sa lang om socht...

Regisseur Miranda Bolhuis hat dizze klassiker opnij bewurke en der in ferrassende foarstelling fan makke. Yn de foarstellingen sille stikken út de spesjaal komponearre toanielmuzyk fan Edvard Grieg net ûntbrekke.

Plak: Iepenloftteater efter Restaurant-Partycentrum "De Pleats",

Schoolstraat 82, Burgum. Parkeare kin op de Markt.

Utfieringsdata: 15, 16, 19, 20, 23 en 26 juny 2012

Oanfang: 21.15 oere (om 20.15 oere is de hikke los)

Kaartferkeap: www.iepenloftspul.nl of telefoanysk: 06 294 009 07 fan 21 maaie ôf

of jûns by de kassa

Tagongspriis: folwoeksenen € 18,--, bern oant 12 jier: € 12,--

Op www.depleats.nl fine jo mear ynformaasje oer arranzjeminten (diner mei reservearre plak yn it teater)

0

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe