Seis wiken lang ha 60 Eastermarders mei har keppelflaggen ús doarp in fleurich oansjen jûn. Op dy wize hat, op inisjatyf fan Doarpsbelang, de doarpsmienskip har stientsje bydroegen oan it Keppelfeest ûnder it motto 'fan kneppeljen nei keppeljen'. Doarpskoördinator fan dizze manifestaasje, Wijbe Postma, seit lâns dizze wei alle keppelflaggers tank foar har dielname. 

De provinsjale manifestaasje by de betinking fan 60 jier Kneppelfreed is it ôfrûne wykein ôfsletten yn Boalsert. Dêr wie Eastermar fertsjintwurdige troch Wopke en Froukje Wobbes. Hja wienen earst tsjûge fan it neispyljen fan 'e rjochtsaak tsjin de Aldeboarnster molkboer dy 't syn produkten yn 't Frysk op 'e molkbussen oantsjut hie. Doe hat Wopke meidien oan 'e slútaktiviteit wêrby't de oanwêzigen net útmekoar kneppele waarden, mar mei flagge en al bymekoar dreaun (keppele) waarden yn 'e Broeretsjerke. Dêr wie in optreden fan tenor Albert Bonnema en spruts Jaap v.d. Bij fan 'e Ried fan de Fryske Beweging it slútwurd.

Dat dizze flaggerij ek in skaadkantsje hie, ha de flaggers Sjouke Wijnsma en Tabe van Dekken yn 'e Beimastrjitte ûnderfûn. Daliks nei it earste wykein fan 9 oktober ll. wie de flagge by de supermerk fan 'e gevel stellen en oardel wike letter ferdwûn de flagge - mei stôk - fan 'e gevel fan Tabe. Wie dit in letterlike fariant op it spultsje 'vlaggeroof' dat wy yn ús bernejierren boarten?

keppelfeest

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe