Saterdei 12 novimber hat in meiwurker fan ‘e televyzjestjoerder GPTV opnamen makke yn Eastermar yn it ramt fan it keppelfeest: de 60-jierrige betinking fan Kneppelfreed. De dielname oan ‘e manifestaasje ’fan kneppeljen nei keppeljen’ is yn ús doarp goed te sjen oan ‘e pears-wyt-oranje flaggen dy’t by in soad doarpsgenoaten oan ‘e gevel hingje.

Op dy flaggen stiet in fragmint út it gedicht ‘Fereale’ fan Frâns Holwerda: ‘it moaiste stikje Fryslân ha wy fûn by Eastermar’. Dat fers is foardroegen troch keppelfeestkoördinator Wijbe Postma op it brechje oer it Wâltsje. De kameraman hat ek opnamen makke op ‘e ein fan Snakkerbuorren en fan it útsichttuorke op ‘e Achterwei ôf de Mar oer.

De opnamen sille ferspraat oer de dei geregeld te sjen wêze fan kommende tongersdei 17.00 oere ôf oant freedtemiddei 17.00 oere.

Sjoch op YouTube.

 

ABA 7034

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe