Kommende saterdei 16 july fan twa oere ôf wurdt wer it Beachbarren hâlden. Mei 24 teams út Eastermar en de útbuorren. Mar, jimme hawwe de waarsberjochten al meikrigen: Piet hat it oer bakken wetter op saterdei. Dêrom ha wy as Beachboys ornearre dat it , foar it earst yn al dy jierren, net yn de bûtenloft kin.
Mar: wy hawwe in prachtich alternatyf. Fam. A. Couperus is sa freonlik en stel har nije maneezjehal oan de Boerestreek beskikber. In geweldige lokaasje, mei moai skjin sân, in kantine. En ... droech. Super!
Ek de barbecue, fersoarge troch Otte, wurdt dêr hâlden. Gean dêrom sa gau mooglik nei de slachter en skriuw jimme yn. Foar  € 12,50 fersoargje syn minsken in grut ferskaat oan fleis. En it wurdt ek noch foar jimme klearmakke. De bern fan bbq-iters krije fergees fan ús patat.

beach

Oant saterdei.  De Beachboys.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe