Sneon 18 juny sille der wer skûtsjesylwedstriden op de Burgumer Mar plakfine.

Der binne twa wedstriden, om 10.00 en om 14.00 oere.

Fansels binne de wedstriden te folgjen fan it swimmersplak ôf mar noch folle moaier is it om op wedstrydwetter te sitten. Dat kin troch mei te farren mei rûnfeartboat 'Harmonie'. Foar mar € 5,- per deidiel kinne jo mei om it spektakel fan tichtby mei te meitsjen.

De Harmonie fertrekt moarns om ± 09.00 oere en middeis om 13.30 oere. Jo kinne opstappe by de 'âldbrêge'. Reservearje hoecht net, jo kinne by Meerzigt foar dy tiid in kaartsje keapje.

Sjoch foar alle ynfo op www.skutsjesilenynewalden.nl

Harmonie

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe