Hoe komt it mei it waar? De hiele wike seach men guon Eastermarders hieltyd omheech sjen, stoarjend nei de safolste bui dy 't driigjend op ús doarp ôfkaam.
Mar nei 10 jier hoecht men der eins net oer yn te sitten, Easterbarren stiet altyd garant foar goed festivalwaar, dus no ek. Fansels...
Noja, by't opbouwen binne wat frijwilligers dweiltrochwiet wurden en dan dy iene bui fan fiif minuten dy 't om in oere of seis eltsenien wer fris makke. It soarge foar aardige en hilaryske tafrielen. Want ja, wat dogge jo as profesjonele artyst fan 10 jier. Moatst dan trochdûnsje of ophâlde en in skûlplak sykje?
Sa waard it even in bytsje Woodstock op it Easterbarren.

woodstock-easterbarren
Woodstock yn Eastermar, Foto Saskia van den Berg

De jubileumedysje fan it strjitfestival hat wer foar hiel wat pikefelmominten soarge. Op de tolve poadia wie fan alles te beharkjen en te sjen. 't Wie like drok as ferline jier en eins ûnmooglik om alles te belibjen en oeral by te wêzen. Sa belibbe eltsenien, besikers, frijwilligers en de 500 artysten, syn eigen Easterbarren mei elk syn of har eigen pikefelmomint.

Wie it de gouden kiel fan Carla de Bruine (de winner fan de Eastermarder stipepriis) mei 'Hallelujah'. Of wiene it 'The Dancing Girls' ("Mem, meie wy no begjinne?"). Of de keunsten fan sirkus Saranti? De 'Rikke iel op freed' (fariaasje op 'The eagle flies on friday') Fryske bluesfertolking fan de Healers. Of de fluwielen brass-toanen fan Crescendo yn 'e mande mei Piter Wilkens. Of wie it hielendal oan de ein, al yn 't tjuster, doe't Lechery út ein sette mei it yntro fan 'Where de streets have no name' fan U2? Folje it fierder hjirûnder sels mar yn.

Pracht en Praal
Pracht en Praal op it Easterbarren mei Tineke en 'op wa lykje ik' Wietske, foto Albert Bakker

En it waar.. it wie net te leauwen. Under it foarlêste nûmer fan Lechery begûn it wat te spatten en om tolve oere, doe't de muzyk dien wie, de lêste feestnûmers harren yn 'it Breed' weromlutsen hiene, kaam der tonger en rein. En spielden de strjitten fan Eastermar wer skjin.

Moatte wy it no wer in jier sûnder kultuer dwaan yn Eastermar? Nee, gelokkich net. Want mennich besiker krige in jierkalinder fan Theater Meerzigt yn 'e hannen drukt. In hiel jier keunst en kultuer stiet ús te wachtsjen op 'e hoeke fan de E.M. Beimastrjitte, fia dizze link del te heljen...

De útslach fan de Eastermarder Stipepriis:

1. Carla de Bruine (€ 150,--)
2. Chippin' Blues (€ 100,--)
3. Diskutabel (€ 50,--)
3. Sietske en Machiel (€ 50,--)

Meitsje in kar út it grutte oanbod fan moaie bylden dy 't de fotografen wer makke hawwe:

Foto's bestellen

Ferwizingen:

Wat wie jo pikefelmomint op it Easterbarren?
Skriuw hjirûnder jo reaksje.

{jomcomment}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe