"Poerbêst iis." "Wat in waar, net juh?" "Och heden, jimme hjir ek." "Ooeee... tink der om!" "Koe net moaier." "Molle, hast ek kroketten?"

Dit binne mar in pear fan de opmerkings by de 'Leien-schaatstoertocht', organisearre troch Iisferiening Eastermar yn 'e mande mei de Leyentochtkommisje Rottefalle. It iis wie yndie fan bysûnder goede kwaliteit en "dat wie fan 'e moarn wol oars", neffens in reedrider dy't hjoed ek de tocht byTerherne riden hie.

leyentoertocht

 

Moandeitejûn waard pas besluten om de Leientocht te organisearjen. Doe moast der noch hiel wat barre, ek al wiene de draaiboeken fansels wol klear. Mar tanksei de gearwurking tusken de Rottefalle en Eastermar hiene wy der samar ynienen in Leienbarren by. Mar in lijen wie it dit kear absolút net. Hiel wat minsken (± 800) hawwe ien of mear rûntsjes fan 6 km makke. By it paviljoen wie de start. Oan de Eastermarder kant wie in stimpelpost én in koek-en-zopie, fersoarge troch de famylje Heidbuurt. Wa't minimaal ien rûntjse makke krige in pracht medalje en in iismûtse deropta. It wie in aardichheid op samar in woansdei yn febrewaris.

koek-en-zopie

Mear foto-ympresjes fan Auke Dotinga, Rienk Vlieger, Pieter Loos en Albert Bakker.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe