×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Fannemiddei hat Eastermar kennis meitsje kinnen mei it fenomeen 'panna'. Op 't Breed wie troch de gemeente in sirkelfoarmich fjildsje fan panelen opboud mei oan wjerskanten in iepening: it doel. Sa stie dêr in saneamde 'pannakooi' mei in 'boarding' fan krapoan in meter heech. Op dat spylfjildsje waard in fuotbalspul spile fan twa tsjin twa of ien tsjin ien. Elke wedstriid duorre 3 minuten.

De bedoeling fan it spultsje is om de tsjinstanner lytsman te meitsjen troch him de bal tusken de skonken troch te spyljen: dan skoart men in 'panna' (twa punten). Tusken healwei twaën en trijen waard der op ús doarpsplein wakker fanatyk fuotballe.

It gehiel wie organisearre yn it ramt fan de gemeentlike aksje om de jongerein dy 't foar it earst te stimmen mei yn kontakt te bringen mei de gemeentlike polityk. Us pleatslike politisy Eelke Hoekstra (CDA), Jos Marcus (ChristenUnie) en Wijbe Postma (FNP) kamen ek yn aksje. De Eastermarder belangstelling foar dit barren wie, yn ferliking mei de oare plakken dêr't dit oheden hâlden waard, tige goed. Om de 'pannakooi' stienen al gau in man as 25. Dy taskôgers libben ôfgryslik mei en stienen as ien man achter de dielnimmende pleatslike jeugd. Hessel Bouma (GBT) hie de rol fan 'stadionspeaker' op him naam en joech kommentaar op de aksjes fan spilers en benammen dy fan 'e skiedsrjochters.

Ek koenen de jongeren ideeën opskriuwe en ynleverje foar saken dy 't hja yn ús doarp noch graach realisearje wolle. Foar de trije bêste ideeën binne jildprizen beskikber. Yn dy prizepot sit in bedrach fan € 10.000,-. Oft dizze panna-aktiviteit in 4-jierlikse tradysje wurdt is noch net te sizzen. Dêr hat de nije gemeenteried, dy 't op 3 maart o.s. keazen wurdt, noch rom trije jier de tiid foar om dat te regeljen. Nei alle gedachten wurdt dêr earst in kommisje foar ynsteld...

Klik hier voor de fotoreportage

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe