- Kategory: Takomstige aktiviteit
- Publisearre: 14 juni 2009
Toppromoasje foar it skûtsjesilen yn 'e Wâlden
Utslach wedstriid foar Eastermar teloarstellend
Boatsjes yn it wedstriidwetter
Drokte op 'e terp fan Klein Zwitserland
Jelle Talsma fan Warten wie, wat dizze skûtsjeprolooch oanbelanget, de grutte winner mei mar leafst twa earste plakjes by de 'grutte' A-skûtsjes. It skûtsje, mei nij túch en seilteken, is de ôfrûne jierren tagelyk mei it skûtsje fan Eastermar promovearre fan de C nei de B en no yn de A-klasse. De 'poep' sa't it skûtsje yn de folksmûle neamd wurdt, hat foar de wedstriden yn de IFKS yn augustus alfêst in 'fisitekaartsje' ôflevere.
Dan kin net sein wurde fan it skûtsje fan Eastermar. De prestaasjes wienen planút teloarstellend. Moarns fiif minuten te let by de start (net goed oplet?) mar it hie dochs noch wat plakjes ynhelle yn 'e rin fan de wedstriid. Middeis like it better te gean en sette 'it doarp Eastermar' as twadde útein. Yn de rin fan de wedstriid moast it skûtsje hjir en dêr oare skippen foargean litte. Krekt net goed útkomme by de ûnderste tonne, smoarge wyn fan oare skûten, dat soarte fan saken soargen der foar dat it skûtsje fan skipper Geale Tadema ôfsakke nei in achtste plak. Mar it drama wie noch net oer. By de finish waard it skûtsje net ôfsketten. De reden wie in proseduerefout by de start. Men wie te betiid oer de startline gien, it even weromfalle litte en op 'e nij oer de line sile, hie achterôf net genôch west om reglemintêr troch te farren. Ek Peter de Koe (Hoop op Zegen) waard om dy reden net ôfsketten.
Yn de lytse-A wie de Engelina Smeltekop fan Rinze Herrema, Earnewâld, de winner fan it klassemint oer de twa wedstriden.
Teloarstelling by de bemanning fan 'it doarp Eastermar'
Ien skipper klage oer stiennen dy't hjir en dêr yn 'e Mar lizze soene, mar oer it generaal hat it in pracht fan in silerij west. De belangstelling fan de skippers om hjir te silen wie grutter as ferwachte. It is dan ek de earste kâns yn it seizoen om ris te sjen wat de ferbetteringen en fernijingen oan de skûtsjes no feitlik opsmiten hawwe. De bemanningen wienen oer de lunch tusken de middei op 'e Komerk ek goed te sprekken. Gesellich, moaie muzyk fan shantykoaren en muzykkorpsen en lekkere fisk by de kreamkes.
RTL en Omrop Fryslân hawwe beide in reportaazje yn it nijs sjen litten (de links stean ûnderoan). De server fan de side www.skutsjesilenynewalden.nl wie freed 'crasht'. Dat is ferhipte spitich foar de promoasje fan dizze dei. Omrop Tytsjerksteradiel wie wol de hiele dei live 'yn 'e loft' en Age Veldboom (de nije Klaas Jansma?) die ferslach fan de wedstryd. Op himsels wie dat hiel aardich omdat Veldboom in protte fan de skûtsjes út dizze omkriten wit en mei nammen fan de lytse-A skûtsjes. De 'lytse-A' startte fiif minuten letter dan de 'grutten'. Foar guon taskôgers wie dat by tiden betiezjend omdat nei ien ronde alle skûtsjes troch innoar hinne sylden.
It doel is dat wy oare jier wer sa 'n silerij op 'e Mar hawwe sille. Dan sil de neidruk, kwa organisaasje, noch mear op Eastermar komme te lizzen. De Eastermarders dy't diel útmakken fan de aktiviteitenkommisje fûnen it prima sa. "Wy koenen no moai oefenje en oare jier witte wy wat wy ferwachtsje kinne en binne wy der hielendal klear foar". En no mar hoopje dat de sponsors foar dit evenemint ús net sitte litte. De tiid sil 't leare, it Swarte Wief, de Jonge Jan, Nieuwe Zorg, Raerder Hoek en al dy oare skûten hoopje wie oare jier yn Eastermarder wolkom te hjitten.
Foto's:
- Byldferslach fan de drokte yn it doarp en op it wetter troch Albert Bakker
- Byldferslach fan de wedstryd en drokte op 'e Komerk troch Harmke Paulides
- Byldferslach fan de merk en gesellichheid yn it doarp, op de Gaasterland en swimmersplak, troch Hetty Thomson
- Skûtsjejeien op 12 juny troch Harmke Paulides
- Foto's op www.skutsjesilenynewalden.nl
- Reportaazje RTL Nieuws
- Reportaazje Omrop Fryslân
- Minireprotaazje op YouTube