×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden
Freed 5 juny wie de ôfslutende jûn fan it jierlikse 'buurtsportfestijn' fan Eastermar. Tiisdei 2 juny wie de earste ronde al spile. Mei prachtich waar troffen de ferskate strjitten en buerten elkoar en spilen in sportive striid om de prizen.

buurtvoetbal_5_juni_2009_064-1
Ofrûne freed wie de twadde en lêste ronde. Hjirnei waard de balâns opmakke en die bliken dat de komby TeyeTol/Waltsje/Snakkerbuorren mei de hakken oer de sleat (op doelsaldo) de winner wie. It Heechsân hie like folle punten mar in hânfol doelpunten minder en mocht de twadde priis op syn namme skriuwe.

Koartsein: tige slagge: moai waar, poerbêst organisearre en we dogge de folgjende kear allegearre wer mei!

Hjirûnder in sfearympresje en de punteferdieling. (foto's Sjoukje Kooistra)

De útslach:
1. Wâltsje              14 punten
2. It Heechsân       14 punten
3. De Kamp            10 punten
4. E.M. Beimastrj.    8 punten
5. It Fjouwerkant    8 punten
6. Mâle Hoarnst       3 punten
7. Skoallestrjitte     1 punt
buurtvoetbal_5_juni_2009_040-1buurtvoetbal_5_juni_2009_027-1buurtvoetbal_5_juni_2009_041-1
buurtvoetbal_5_juni_2009_059-1buurtvoetbal_5_juni_2009_005-1

 

 

 

 

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe