“Wêr is dat giele tou foar?” fregen guon Eastermarders har ôf. Hja hiene net alles meikrigen fan de coronoproof-opsette audiokuier fan Tryater; in geweldige fynst fan dizze teaterploech. Kin it publyk net nei it teater, dan komt Tryater wol nei jo, moatte de kreativelingen fan Tryater tocht hawwe. En sa wie Eastermar ien yn ’e rige fan Fryske doarpen mei in ‘aventoerlike audio-kuiertocht dy't de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr't Fryslân lokkich fan wurdt!’ Lokaasjeteater op basis fan dingen dêr’t Friezen lokkich fan wurde. In poerbêst resept, sa die bliken.

Om de twa minuten koe in dielnimmer fan start mei de kuier. In bûsetelefoan fan Tryater en eigen eardopkes soargen foar de audio-ûndersteuning, it giele tou foarme de rûte. En ek al wie dy rûte ochsa de bekende wei, it ritme fan de soundscape en de stim fan Nynke Heeg brochten jo yn oare sfearen en seagen jo de omjouwing, it lânskip mei oare eagen. Normale dingen waarden ynienen bysûnder, gewoane saken samar seldsum. “Eastermar. Bist frijwilliger of sitst yn de organisaasje, kinst hjir nea wer wei”, konstatearret Nynke Heeg op ‘e eardoppen.
Ferskate dielnimmers kamen oandien by it einpunt oan. Gelokkich stienen frijwilligers yn sulveren jassen klear mei in kopke gelokstee. Tiid om even te bekommen mar noch altyd sprakeleas.

Mar justjes letter wiene der dochs moaie reaksjes. “Wy binne hjir smoarryk” reagearret in dielnimmer en perfoarst net doelend op ‘e Postkoadepriis. “As je it mar sjen wolle. Sa moai fuort en dochs sa ticht by hûs”, seit in oar.

De moaie ferhalen dy't de kuiertocht opsmiten hat, sille noch regelmjittich yn it doarp oerbrocht wurde. Tryater is der yn slagge en meitsje fan samar in doarpke yn ‘e Wâlden in geloksdoarp fan komsa. 

Tank oan de meiwurkers fan Tryater en alle frijwilligers!

It gelok fan Eastermar


Film van Johan ter Elst / RTV NOF

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen