Mar leafst 44 tiims diene der mei oan de Pubquiz. Op 'e nij in útferkocht hûs foar de 2e dei fan it Spanbân Festival. Mei de presintaasje yn hannen fan Quizmasters Cor & Eelke waard de Pubquiz op it skerpst fan de snede spile. Telefoans wiene net tastien, mar net elkenien hold him hjiroan. De seal waard dan ek opskrikt doe't de kontroleurs, ûnder lieding fan Bert, oan twa kear ta Frieda Faber betrapen op ’t gebrûk fan de telefoan. Waard dizze mei in moerkaai bewurke*. Wat mear drank der dronken waard, wat lûdroftiger de seal waard. It wie in prachtich moai barren en de úteinlike winners waarden “The Young Bunch”, sy wûnen in weardebon fan € 150,- foar de Parel.

Nei de Pubquiz sette “The Young Bunch” de seal op 'e kop en waard der omraak dûnse. Neffens guon die de sfear tinken oan de feesten yn de loads. Mei dit komplimint yn 'e bûse kin de organisaasje ek nei dei 2 mei in gerêst hert op bêd gean.

*Frieda Faber soe fansels nea falsk spylje, de sêne is dan ek yn “sêne” setten

Klik hjir foar de foto's

ALB 0371

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe