In wat minder drok, mar net minder gesellich Easterbarren!

Ôfrûne saterdei waard yn Eastermar de 16e edysje hâlden fan it strjit- en muzykfestival Easterbarren. By de iepening, middeis om 14.30 oere op it Breed, wienen der dúdlik minder minsken as foarige kearen, mar yn de rin fan de middei luts dat aardich by. Alles by elkoar waard de opkomst dochs wol wer rûsd op sa’n 5000 minsken. By it jûnsprogramma mei de pleatslike band Compromise en de coverbands Why Not en The Cube wie de belangstelling en gesellichheid seker net minder as oars.

It waar spile it Easterbarren osa yn de kaart. Noflike temperatueren, de sinne, in bytsje wyn. Middeis om 18.00 oere hinne kaam in donkerdriigjende loft opsetten, mar de bui ferwaaide. It lêste stikje fan it jûnsprogramma joech de natoer in gratis ljochtshow wei yn de foarm fan bliksem troch opkommende tonger. Mar der wie noch moai tiid om ek it haadpoadium op te romjen ear’t de plensbuien om healwei tolven echt losbrieken boppe Eastermar.

De organisaasje mocht wer in protte kompliminten krije fan minsken dy’t in skitterjende middei/jûn hân hienen.

De fotografen van eastermar.nl hawwe har bêst dien om ien en oar fêst te lizzen.

Easterbarren 2016

 

 

easterbarren folkert wesseling
Twa fan’e teateracts op it Easterbarren:
Trollen fan HympHamp Theater en Folkert Wesseling as bussjauffeur.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe