Saterdei waard foar de 12e kear (de earste kear organisearre troch de OVE, dêrnei troch de ferneamde Beachboys) it jierlikse Beachvolleybaltoernoai hâlden.

ABA 6841

Dat betsjut dat it Breed troch de mannen van B&B folgoaid is mei sân, dat der trije fjilden opset binne en dat 24 teams foar de wille en de prestaasje gean. Mei prachtige ploechnammen mei as topper 'Set's on the Beach'. En ek mei wer in soad frijwilligers!
Der wie in grut tal taskôgers en dy koene sjen dat der ek in soad jeugdteams wiene, mar ek dat it yn alle fjouwer poules tige spannend wie wa't trochgean mocht nei de heale finales. Lang om let wiene dat de Buorlju, de Pico Bello BV, de Outsiders en Hoe's 't mooglik.  It wie yn de finale it team fan Hoe's 't mooglik dat, nei in tûke transfer wêrby't de jonge froulju ferfongen waarden troch de memmen fan de manlike spilers, mei de earste priis nei hûs gie. Pico Bello waard twadde.
Nei it treflike buffet fan Otte wie it noch lang drok yn kafee it Breed mar ek yn de krekt iepene Parel.
Kommend jier wer in Beachbarren. Jimme kinne yn training!

De Beachboys misse in blau/wyt/giele volleybal. Graach by Cor Brouwer bringe !!

Klik hjir foar it byldferslach troch Albert Bakker

Klik hjir foar in YouTube filmke.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe