“Wol heit my de made der wol even oan dwaan?”
It is freed 16 augustus. Oan it Wâltsje is it in drokte fan komsa. Bern, heiten en memmen mei angels, skepnetten, kofferkes, amers lokfoer en doaskes mei maitsen. Guon hawwe, om't hja de swimkeunst noch net alhiel machtich binne, ek mar in swimfest oan.

Om 20:00 oere is de wedstriid dien. De útslach is:
Groep 6, 7 en 8:
1.    Wichard Benedictus
2.    Willem de Vries
3.    Bonze Zeilstra

Groep 1 o/m 5:
1.    Johannes de Vries
2.    Jacob Jan Boersma
3.    Albert van der Woude

 

 

Fiskwedstryd 3

De fiskwedstriid foar bern yn de basisskoalleleeftiid, is organisearre troch Sipke de Jong en Klaas Pultrum. Der dogge 19 bern oan mei. Wa’t yn totaal de measte sintimeters byelkoar fisket dy wint in priis.
Om 19:00 oere begjint de fiskerij. Sipke ropt it om mei de megafoan. Mei strakke gesichten kuere der 19 bern nei de dobbers. De heiten en memmen op 'e eftergrûn kuere like bot mei.
Ynienen is it raak: “Ja, ik ha ien!”, klinkt it oer It Wâltsje. Klaas fljocht der mei de mjitlatte hinne: “14 Sintimeter!”
It is de earste fan in moai oantal fisken dat fongen wurde sil. Net hiele grutte, mar dochs.

Dan stoppet der in auto. De doar giet iepen en in lyts baaske stapt út. “Dêr wie ik al!” Hy fljocht op Sipke ta. Sipke jout him in angel: “Dizze lytse man woe o sa graach meifiskje, mar hy hie gjin angel. En hy moast earst ek noch mei heit en mem ‘te wokken’. Ik ha mar in angel foar him efterút hâlden, sa koe er dochs noch meidwaan.”

De fiskerij giet wylst aardich troch. Der wurde fral foarntsjes fongen. Ek hat ien fan de jonge dielnimmers ‘hiele dikke byt’. Hy hellet in takke fan hast in meter boppe wetter. Dy telt net mei...
Om 20:00 oere is de wedstriid dien. 
De winners krije elk in moaie fiskerspriis. Tenei dus noch faker te fiskjen.

Klik hjir foar it byldferslach troch Simon Bosma.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe