Mei in TREDDE plak yn it einklassemint fan de IFKS 2013 koe it net oars, dus waard ús doarpsskûtsje snein 11 augustus yn Eastermar op passende wize ynhelle. Mei in flinke gong kaam it skip ûnder seil mei romme wyn de Lits opfarren. Krekt op 'e tiid waarden fok en grutseil delhelle en koe it skûtsje oanlizze by de Komerk, dêr't op dat stuit in flink tal Eastermarders ûnder applaus it skûtsje opwachten.

Gjin muzyk diskear en ek gjin grut flachfertoan op it skûtsje. Mei de begraffenis fan âld-bemanningslid Sietze Dijkstra noch farsk yn it ûnthâld hie dat net passend west. Dêrfoaroer waaide de rouwimpel yn 'e top fan de mêst.

De foarsitter fan de Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' stie yn syn praatsje dêr ek by stil. It hie al mei al in emosjonele wike west.

Der wiene ek grutte kompliminten fan foarsitter Wijbe Postma, net allinne foar de sylprestaasjes mar ek om’t it skûtsje de hiele wike in soarte fan farrend VVV-kantoar like. De IFKS-silerij hie ommers ien grut PR-ferhaal foar Eastermar west en as doarp kin men dêr fansels hiel bliid mei wêze. Ek deputearre Tineke Schokker referearre dêroan, want hja wie ek oanwêzich om skipper en bemanning te begroetsjen en te lokwinskjen. Sy seach noch even werom op de ôfrûne jierren, fan de tiid dat it skûtsje úteinsette yn de C-klasse en it suksesferhaal dêrnei.

Skipper Geale Tadema kaam eintsjebeslút oan ‘t wurd. Hy eide de sylwike noch efkes oer: wêr wie it goed gien en "wêr hawwe wy punten lizze litten". In grut komplimint krige de bemanning dy’t sa’n belangryk oandiel hie yn it berikken fan dizze prestaasje. En dan net te ferjitten al dy minsken dy’t derfoar soargen dat de organisaasje de hiele wike perfekt ferrûn.

Fansels wiene der blommen, nochris in grut applaus fan ‘e Eastermarders dy't manmachtich delkaam wiene. Net allinne hjir op 'e Komerk mar ek by alle wedstriden.

Yn ‘Meerzigt’ koe dêrnei troch bemanning, stifting en belangstellenden noch neipraat wurde en dêrmei waard in prachtige skûtsjewike foar Eastermar ôfsletten.

Klik hjir foar de fotoreportaazje makke troch Albert Bakker.

Klik hjir foar foto's op waldnet.

 

logo-eastermarder-skutsje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe