Ea in winner

Dit motto krige ôfrûne wykein ynhâld. En hoe! Under swiere omstannichheden en op it ‘eigen’ wetter fan ‘e Burgumer Mar koenen de mannen fan ‘it doarp Eastermar’ in oerwinning oan har palmares tafoegje. It karbûstige waar makke dat it bytiden mear oerlibjen as silen wie. Fierder koe by it duel mei de ‘Raerder Roek’ mannich fotograaf in tal spektakulêre opnamen meitsje (sjoch ek de fotoreportaazjes). En… de skûtsjesaakkundigen op ‘e Mar ha ferskeidene kearen konstatearje kinnen dat it ûnderwetterskip fan ús doarpsskûtsje sa glêd as in iel is.

skûtsjesilen yn 'e Wâlden

Want skeef gienen de sân dielnimmers oan it ‘Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden’. De pûsterige súdwester mei in wynkrêft tusken de 5 en 6 bft. makke by de start fan ‘e moarnswedstriid al dúdlik dat it in drege loop wurde soe. Doe kamen fan de seis startende A-grut-klassers al twa (‘Wâldwiif’/Tim Roosgeurius en ‘Jonge Rein’/Erik Jonker) op grutte ôfstan te let oer de startline. Fan de oare fjouwer hienen de ‘Raerder Roek’/Michiel Kalsbeek en ‘it doarp Eastermar’/Geale Tadema de bêste papieren om earst by de boppeste tonne te kommen. Want ‘Hoop op Zegen’/Paul de Koe en ‘Drie Gebroeders’/Freddy v/d Heide rekken wat achterop yn it earste krúsrak. By de earste twa rûtes bleau Michiel Kalsbeek ús Geale Tadema foar, mar yn ‘e tredde rûte makke Geale de efterstân goed en kaam op foarsprong. By de gijpboei wienen der by it troch de wyn gean spannende mominten, mar alle skippen hâlden de boel oerein.
Yn de lêste rûte joech de ‘Raerder Roek’ it op om’t skipper Kalsbeek fûn dat it te bot gie. Sa koe ús doarpsskûtsje as earste oer de finish. In prestaasje fan formaat.

It bewiis dat de wyn eins de baas is oer guon skippers lei yn it feit dat fan de fjouwer ynskreaune a-lyts-klasse mar twa starten. Dat wienen de ‘Hoop doet Leven’/Koos van Drunen en ‘Engelina Smeltekop’/Johan v/d Meulen. Koos v. Drunen kaam as bêste út ‘e start, mar goaide de boel al nei in heale rûte del, sadat âld-Eastermarder Johan v/d Meulen syn ‘Engelina’ sûnder tsjinstân oer de bluisterige Mar nei de einstreek sile koe. Sjovinisten sille roppe: ‘Twa Ea-winners!’ Wy dogge graach mei.

Om 13.00 oere waard dúdlik dat de middeiswedstriid net trochgean koe om’t de wedstriidlieding noch folle mear waarsproblemen ferwachte. Fierder wienen der ferskeidene skippers dy’t keazen foar de feilichheid fan bemanning en skip en net wer de Mar op woenen.
De priisútrikking op ’t Breed waard nei foaren helle en om 14.00 oere koe seremoanjemaster Age Veldboom de priiswinners beneame en wethâlder Doeke Fokkema de prizen útrikke. De foarsitter fan de Stifting Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden, Wijbe Postma, koe him yn syn rol as ‘master-tuter’ útlibje.

Alles meimekoar kinne wy weromsjen op in moaie syldei, want it korps ‘Apollo’ fan Burgum brocht it publyk tusken de middei op temperatuer en dj Eppie hâlde dat fêst oant de ein fan ‘e middei.

Einútslach:

A-klasse Grut A-klasse lyts
1. ‘it doarps Eastermar’ Geale Tadema 1. ‘Engelina Smeltekop’ Johan v/d Meulen
2. ‘Hoop op Zegen’ Paul de Koe 2. ‘Hoop doet Leven’ Koos van Drunen (dnf)
3. ‘Drie Gebroeders’ Freddy v/d Heide ‘Twa Famkes’ Pieter Jansma (dnf)
4. ‘Jonge Rein’  Erik Jonker ‘Lytse Earnewâldster’ Sjoerd Kleinhuis (dnf)
5. ‘Wâldwiif’  Tim Roosgeurius
‘Raerder Roek’ Michiel Kalsbeek (dnf)

dnf= Did not finish

Fotoreprotaazje fan Albert Bakker

Fotoreportaazje fan Rienk Vlieger fan de Gandria ôf

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe