It tilt yn Eastermar op fan de barrens en meastentiids binne dy foar 'eigen publyk'. Mar dit wykein liet Eastermar sjen dat it ek oars kin en waard ús unike lokaasje ôfstien oan ús gasten.

It 'trekkerfolk' koe it hert ophelje by de Oldtimerdei dy 't de famylje de Jong fan de Sumarderwei al jierren mei organisearret. Harren 'foartún' is ien grut werom-nei-de-âlde-tiid mei âlde traktoaren, auto's, brommers en motoaren. It binne der allle jierren mear. Fansels sneupe hjir ek wol Eastermarders om mar it grutte publyk komt út de omkriten wei.

Trekkerbarren

Fierder waard Eastermar ferrast troch in ynfaazje fan sylboatsjes, trailers, campers, caravans en sylfolk. De organisaasje fan de Combi-Noordsylwedstriden foar de jeugd út hiel Noard-Nederlân, hie dit jier de Komerk, de Burgumer Mar en de Leien útkeazen as lokaasje. De Eastermarder frijwilligers en wettersportferiening stienen ek hjir ree om te helpen en te soargjen foar in gastfrij en fral waarm ûnthaal.

Al mei al in moai stikje PR foar ús eigen Eastermar en it is te hoopjen dat dizze sylwedstriden ta in regelmjittich barren útgroeie sille. Want it doarp en de foarsjennings binne der klear foar!

combinoord-komerk
Zie onze beeldverslagen op deze website voor foto's van de verschillende evenementen.

(Nei alle gedachten sil de Wettersportferiening sels mei in ferslach komme fan de Combi-Noordwedstriden.)

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe