Lijn 12 - Krystprogramma

It soe in middei fan genietsjen wurde, waard ús yn ’t foar tasein. In middei fan meielkoar byinoar wêze, fan mienskiplikheid. En dat waard it. It Fokaal Ensemble Lijn 12, besteande út tsien stimmen en in pianiste, fierde fjirtjin prachtige krystlieten út, ferrassende en meast ûnbekende wurken. Gjin klassikers en meisjongers as ‘Dreaming of a White Christmas’ en ‘Silent Night’.

By it earste nûmer ‘Wana Baraka’, in liet út Kenia, waard letterlik fuort de toan set: wat in waarme klankkleur en ekspresje! En dat nivo bleau de hiele oere dat it konsert duorre oerein. Einepikefel by ‘Light a Candle’: lit ús elk foar oar in kears oanstekke.  
Ek de oansteklike útfiering fan ‘The Next Time He Comes’, mei in oansprekkende tekst oer de berte fan it krystbern en de belofte fan syn glorieuze weromkommen op ierde, liet it mêlearde publyk net kâld.
Dat de swingende spiritual ‘I Can Tell the World’ oan ‘e ein nochris as tajefte te hearren wie, soarge derfoar dat de oanwêzigen mei in mienskiplik krystgefoel nei hûs koene.

(Mar soe der no wier gjin betûfte tekstdichter wêze dy’t yn alle gefallen in pear fan dy prachtige lieten yn it Frysk oersette kin? Dan soe dat krystgefoel en de krystgedachte nei alle gedachten nóch djipper ynhâld krije…)      
 

lijn 12

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Iris Rusz

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe