Saterdeitemiddei 27 oktober wiene se noch te hearren op Radio 1 by it programma Kopspijkers, woansdei 30 oktober is de premiêre yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Mar saterdeitejûn 27 oktober stiene 'de Andersons' mei ien fan de lêste tryouts fan harren programma Vreeswijk & de Andersons yn Theater Meerzigt. Foar in folle seal namen de heal-Sweedske Anna en har trije jongens it publyk mei op in muzikale reis troch it libben fan Cornelis Vreeswijk (1937-1987) om ûnderweis ek noch wat te fertellen oer Sweden en syn gewoantes.

Cornelis Vreeswijk is yn Nederlân berne, mar hat it grutste part fan syn libben yn Sweden wenne. Hjir is er fral bekend wurden troch bgls. De nozem en de non en Veronica, mar is hjir nea sa’n grutte stjer wurden as yn Sweden. De Andersons brochten in lytse seleksje fan syn mear as 500 lieten, meastal yn it Nederlânsk mar somtiden ek yn it Sweedsk.
Syn teksten geane foar it measte part oer de ûnderkant fan de maatskippij en de ferskoppelingen en binne no noch like krachtich en aktueel as yn de tiid dat se skreaun binne. Hy hat ek prachtige poëtyske lieten makke, mar ek dizze teksten ha allegearre in skerp rântsje.

De Andersons brochten it programma mei faasje en entûsjasme en it wie dúdlik te fernimmen dat se der sels ek in protte nocht oan belibben. It is moai dat Theater Meerzigt der ek yn slagget om, neist de foarstellings fan tichtby, ek lannelik bekende foarstellings nei Eastermar te heljen.

Antsje Schoenmakers

klik hier voor de fotoreportage van Iris Rusz

IMG 6817

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe