Op saterdei 22 septimber hat der yn it ramt fan it ‘Project MEER+’ in foarstelling fan sânkeunstner Gert van der Vijver yn ’e tsjerke yn ’e buorren plakfûn. Der ha rom 300 Eastermarders harren ferwûnderje kinnen oer it talint fan dizze artyst en de prachtige sântekeningen dy’t er makke.

Gert liet in part fan it bibelske skeppingsferhaal sjen mei in hiele protte bisten dy’t geandewei foar it ljocht kamen út it sân. It wie in prachtige foarstelling. By dizze foarstelling hearde ek in ‘theaterdiner’ -yn ’e foarm fan in pankoekpicknick- dat dêrnei hâlden waard op it hiem fan ’e Nije Hoarnst. De hiele middei hiene der al minsken dwaande west om it terrein gesellich oan te klaaien.

Ek ha der de hiele dei minsken oan it pankoekbakken west. ‘Alles ûnder ien dak’ hie it pankoekmoal yn ’e oanbieding en sa’n 44 minsken út it doarp ha der saterdei foar soarge dat alle dielnimmers jûns sêd nei hûs koene… Noch nea earder hiene wy sa’n bulte pankoeken byelkoar sjoen! It wie sinneskynwaar op it stuit dat der picknickt wurde soe, dat wy ha neat te kleien hân.

Wy wolle graach alle frijwilligers dy’t –op hokfoar wize ek- meiholpen ha oan dizze dei betankje; it wie foar ús geweldich om te sjen hoe’t MEER+ minsken yn beweging krige! Tige tank!

Projektgroep MEER Eastermar: Oebele Wagenaar, Jantsje van der Veen, Sippie Wijnsma, Rienk Brouwer, Wietske van der Zee en Rinske Kootstra.

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Aan Atsma

DSC 1220

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe