Kin it wol, kin it net: moatte wy nei de maneezjehal fan Couperus of kin it dochs op it Breed? Mar tongersdei wie al dúdlik dat it moai waar bliuwe soe en dus waarden de auto's fuortstjoerd (koe it altyd mar sa) en kamen de trekkers fan B&B om bakken sân te bringen. Moai flak meitsje, de netten spanne, striepakken teplak lizze en eltsenien wie klear foar it Beachbaren 2012.

De 24 teams (dat is op it Breed sa't it der no hinneleit it maksimum), mei prachtige nammen as Hantumerútbuorren, Net te Krekt, of Wy dogge mar wat wienen fan twa oant seis oere yn it spier. Fiif kear in koarte wedstriid, mar dat wie foar in soad al in hiele prestaasje. Neidat de 4 poulewinners trochgongen, bleaunen der úteinlik foar de finale twa sterke teams oer: Smashing Pumpkins en Hoe 's mooglik. It lêste team, besteande út jongerein fan Eastermar, wie de terjochte nr. 1: harren ynset, taktyk en teamspirit wie tige grut. Dêr hienen de mannen van Bert van Marwijk noch wat fan leare kinnen!

Foar de tsiende kear Beachbarren: troch de tariedings fan de Beachboys, de help fan omropster Fokje en lûdsman Simon, mar benammen troch al de spilers wer in grut sukses. Kommend jier wer.

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Albert Bakker

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Jan Kooistra

ABA 6882

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe