Hjoed waard op de Achterwei it Stekjesnetwurk yn noardeast-Fryslân iepene (in stekje is in sitsje). Op moandei lêstlyn ha wy dêr op dit plak ek al oandacht oan bestege. De oprop oan Eastermarders om dit barren mei te meitsjen hie fertuten dien: it wie in drokte fan belang.


P1140831-01

Deputearre Jannewietske de Vries, Doarpsbelangfoarsitter Jan Wind en dêrnei Roelof Koster fan 'Keunstwurk' sprutsen de minsken ta en de Eastermarder doarpsdichteres Martsje Mud hat in prachtgedicht foardroegen dêr't de measten djip fan ûnder de yndruk wienen. Klik op de link en jim kinne der fan meigenietsje.

Meikoarten komt der by Jannes (Tip-Eastermar) in folder te lizzen oer de 'Twaalf Stekjes' dêr't jim alles yn lêze kinne oer de tolve spesjale bankjes yn ús provinsje en de eftergrûn fan dit bysûndere projekt.
Sa is der te lêzen dat sein wurdt dat lang lyn de earste bewenners fan Eastermar fia de Borst (flakby it Stekje) it gebiet binnenkaam binne. Nijsgjirrich...

Harmke Paulides makke dit byldferslach

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe