Mei net al te folle golfslach op de Burgumer Mar hie Sinteklaas dit jier in noflike oertocht. In bjusterbaarlik grut tal bern stie him op te wachtsjen.

IMG_0854

De Eastermarder 'boargemaster' Wijbe Postma hiet Sinteklaas mei syn piten hertlik wolkom en fansels (wat binne dy swarte piten altyd in bongels...) wiene der ûnderweis wer in pear weiwurden. Hoe't se dat altyd wer klearspylje as je op in boat sitte is my in riedsel; miskien moatte se de sleutels fan dy speedboaten ris better ferstopje...

IMG_0837

Dy beide piten hiene neffens my ek de Eastermarder hiemside even bûten wurking steld, mar dy is hiel wat fraaier weromkaam!
De ûntbrekkende piten waarden trouwens letter weromfûn yn de Eastermarder fuotbalkoai.

IMG_0964

Mar om noch efkes werom te kommen op de nije webside: merakels moai net? De byldferslagen mei alle foto's fan ús razende reporters steane wer klear !

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe