Preamsilen op de mar

logo-WSV
Kategory
Aktiviteit
Datum
sneon 3 september 2022 19:10
Locatie
De Lits, Hoogzand-Oostermeer, Eastermar, Tietjerksteradeel, Friesland, Nederland, 9261


Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumermar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de Fryske Boerepreamen.
Meitellend foar harren simmer-kampioenskip. Bliid dat it no na twa jier skoft wer kin en dat dan ek nochris by ús op de mar.

It palaver ( routebesprekking) is om in oere of njoggen en dernei giet de hiele float de mar op.
Foar in moarnswedstriid sa tusken 10.00 -11.30 oere en dernei middeis fanôf in oere of twa de folgjende wedstriid. Tusken de middei lizze alle preamen
( prachtige platboaiems dy’t yn it ferliene brûkt waarden troch de boeren yn it lege midden fan Fryslân) wer yn de haven fan de Komerke.
Mei de gearwurking fan de Stifting Komerke kreie alle skippen dêr in kreas plak, misskien binne hja der al de dagen derfoar.

En as it slagget komme ek wer de moaie âlde houten skippen fan Oud Varend Hout foar harren eigen wedstriden: Larken, BM-ers, OK jol en neam mar op.

Ek it publyk is wolkom: der wurdt in motorpream hierd en jimme kinne fergees mei de mar op fanôf it opstapplak oan de Komerke.

De priisútrikking sil oan it ein fan de middei plakfine: eltsenien is wolkom. Dernei kreie skippers en bemanning noch in knap stik iten yn de loads fan Foppe.
Mar ek oan de oaren is tocht: Jan de Vries de fisker fan de Dokkumer Nije Silen komt wer mei syn boat en ferkeapet de hiele dei bakte fisk.
Stek efkes by him oan: net te missen by de sweltsjepeal.

Wy rekkenje op in treflik barren. Sjoch hjir foar de flyer.

Aktiviteitenkommisje WSF Tusken Mar en Leyen,

Auke, Willem, Jelmer, Errit en Oebele

 
 
 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!