Tenei hoege Eastermarders net mear om ark nei Burgum of Drachten te fleanen. Alles foar de bou of de tún is te hier by 'Okkema Verhuur' oan de Grote Hornstweg. Ek foar cateringguod, partytinten, biertaps, ensfh. kin men hjir terjochte.

De ferhiermooglikheden dy't it bedriuw fan Minne en Hanneke Okkema leverje, binne net samar ûntstien. Al earder wie der by Okkema's bedriuw (Utiliteitsbou) fraach nei ark troch in protte bedriuwen yn de omkriten, faak ienpitters dy 't lang net alles sels yn 'e hûs hawwe. De ferhuzing fan de Beimastrjitte nei it pân mei showroom oan de Grote Hornstweg makke it mooglik om 'dizze tak fan sport' te professjonalisearjen. Op de webside fan it bedriuw is te sjen hoe grut it assortimint is.

Image

Winkel
Njonken de ferhier hat Okkema ek noch aardige oanbiedings. Troch partij-ynkeap is der foar in aardich pryske oan handige saken te kommen. Foar de measte apparatuer binne de bykommende saken te keap sa as bygelyks skjirpapier foar de skjirmasines, ensfh.
De winkel en de ferhier binne moarns tusken njoggen en tsjien oere iepen, middeis tusken fjouwer en seis oere. Op sneon fan njoggen oant alve oere.

www.okkemaverhuur.nl

Image

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe