Hoe't it allegear no krekt gien is, de nije útbaters fan kafé-snackbar it Breed wit it ek net.
Fia fia hearden Raimondo en Annet út Smilde dat it bedriuw oer te nimmen wie. "Een gespreid bedje", sa neamt dizze ûndernimmer it.
Mei in soad ûnderfining yn de hoareka, Raymondo wurket no as kok yn Appelskea, haw de beiden in soad nocht oan dit aventoer. "De etenskaart was nog al uitgebreid, wij denken dat het beter is deze wat simpeler te houden." Rina, dy't ûnder de foarige útbater al oant wurk wie yn 't Breed, komt wer werom om mei te helpen it bedriuw wer op poaten te setten.
Annet en Raimondo wenje no noch yn Smilde mar it is doel om har nei wenjen te setten yn it Breed. Dêrfoar moat der noch wol wat barre, want sûnt de lêste ferbouwing is der bygelyks gjin dûs mear.
Fan tiisdei 16 maaie ôf is eltsenien wer wolkom. Kommende sneon is der miskien al wer in stikje lifemuzyk te hearren yn kafé it Breed.

eetcafeBreed.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe